Klupliet “Wordt Kwiek”

Wy binne WK-ers en fiele ús ryk,
wy witt’ wat wy wolle, ús doel is: “Wordt Kwiek”.
Ús sportnocht is somstiden net te betwingen,
wy swaaie op brêge, yn rek en oan ringen.
Ek súnder in tastel wurdt wrot as om dea,
ús lean is in súne en linige lea.

Refrein:
WK jout ús wille, WK jout ús nocht,
en makket mei-ien rúne rêgen wer rjocht.
It stielet de spieren fan earm en fan foet,
ferheget de streamkrêft fan ’t brúzjende bloed.
WK Jobbegea is in bloeiende klup,
kom famkes en jonges – út ein hear: “Hup Hup”

Wy binne WK-ers, in mienskip fan jeugd,
wy libje in freonskip, in kostlike deugd.
By ús is altiten oprjochtens te finen,
wy binn’ ommers Friezen in ieren en sinen!
Wy binn’ altyd optein, wy hâlde fan fleur.
Ús wachtwurd dat seit: “Asjebleaft gjin geseur!”

Refrein

Wy binne WK-ers, stees blier en stees gol,
ek als it net altiden like goed wol,
mei ús kuorballers dy’t in in simmerske rite,
sa handich de bal troch de koer hinne smite.
Wy bliuwe sportyf en wy sizze sjesa:
“Oan ús klup komt dizz’ kear de eare net ta.”

Refrein

Wy bliuwe WK-ers, alteast yn ús hert,
want ivich yn aksje, dat bliuwe wy net.
Wat wol ivich bliuwt, is ús leafde en stipe,
en mei soms de tiid ús benearje en knipe.
Wy bliuwe WK-ers en winskje algemien:
WK in lang libben, as ’t kin númer ien.